Iepenloftspul ‘26 De Pein
Fan krûmels en brea
Iepenloftspul De Pein

By in lange tafel yn ’e iepen loft ûntfangt in âldere frou bysûndere gasten út har ferline. De oantinkens nimme ús mei nei De Pein yn ’e oarlochsjierren 1940–1945.
In oandwaanlik ferhaal oer dielen, honger, hope en minsklikens — sels yn tsjustere tiden.
Spyldata en Kaartferkeap
Jo wolle der ek by wêze dochs?
| Premjêre | Tongersdei 3 septimber |
| Foarstelling 1 | Freed 4 septimber |
| Foarstelling 2 | Sneon 5 septimber |
| Foarstelling 3 | Snein 6 septimber |
Wy begripe datst graach no al kaarten keapje wolst, mar dat is spitigernôch noch net mooglik.
Wy ferwachtsje dat de ferkeap 6 maaie 2026 begjint.
Hâld ús webside en sosjale media yn ’e gaten.
We doche it
mei elkoar en foar elkoar
-
Stiper wurde?
Foar dit jubileumprojekt sykje wy partners dy’t bydrage wolle oan kultuer en lokale skiednis. Sponsoring kin op ferskate wizen — wy tinke graach mei oer sichtberens en tsjinprestaasjes.
Ynteresse? Nim gerêst kontakt op.
-
Frijwilliger wêze?
In grut projekt dochst mei-inoar. Wy sykje frijwilligers foar o.a. opbou, publyksbegelieding, catering en technyk. Underfining is moai, mar net needsaaklik.
Doch mei — tegearre meitsje wy der wat bysûnders fan!
-

Al 100 jier ferdivedaasje
Toanielferiening Violeria
Violeria is de toanielferiening fan De Pein — en yn 2026 fiere wy ús 100-jierrich bestean. In iuw lang hawwe wy mei passy ferhalen ta libben brocht en ús mienskip byinoar brocht.
Fan lytse doarpsfoarstellings oant gruttere projekten yn ’e iepen loft: by Violeria dogge wy it mei-inoar. Spilers, makkers en frijwilligers fan alle leeftiden krije de kâns om te ûntdekken, te groeien en foaral te genietsjen fan teater.
Mei ús jubileum nimme wy jimme grutsk mei troch de skiednis — en sjogge wy tagelyk foarút nei de folgjende hûndert jier.
Tige wiis binne wy
my ús stipers:
Jo logo hjir?
Wolle jo as sponsor meidwaan en jo logo hjir weromsjen?
Nim dan kontakt op mei ús sponsoringsteam — wy fertelle graach wat de mooglikheden binne.





