27 septimber 2026

 

🎭 Wat in prachtige ôfsluting fan in bysûnder aventoer! ❤️

 

Mei-inoar hawwe wy in fantastysk ôfslutingsfeest belibbe fan ús Iepenloftspul Fan Krûmels & Brea. In jûn fol gesellichheid, moaie petearen, prachtige oantinkens en foaral grutskens op wat wy mei-inoar delset hawwe.

 

In grutte tank oan alle spilers, figuranten, de regy, wurkgroeplieders, de stjoergroep, it bestjoer fan Violeria en alle frijwilligers. Sûnder jimme ynset, passy en entûsjasme hie dit bysûndere projekt nea mooglik west.

 

Ek wolle wy de frijwilligers fan Doarpshûs De Wringe fan herte betankje foar de prachtige oanklaaiïng en de treflike fersoarging tidens it feest. Jimme hawwe der mei-inoar in waarme en sfearfolle jûn fan makke.

 

Wy meie ek werom sjen op in prachtige aftermovie, dy’t de sfear en de emoasje fan dit unike projekt op in bysûndere wize fêstlein hat.

 

En der is noch mear moai nijs: ynkoarten organisearje wy ferskate filmjûnen yn Doarpshûs De Wringe, dêr’t de folsleine profesjonele registraasje fan Fan Krûmels & Brea te sjen wêze sil. Hâld ús socials yn ‘e gaten foar de data en fierdere ynformaasje.

 

💛 Noch ien kear: tige tank oan elkenien dy’t op hokker wize dan ek bydroegen hat. Dit is in aventoer wurden om nea te ferjitten!

 

13 septimber 2026

 

📚🎭 Nu verkrijgbaar! 🃏

Nog even nagenieten van het prachtige Iepenloftspul Fan Krûmels & Brea? Met het Friese prentenboekje en het kwartetspel haal je een stukje van dat verhaal én onze Friese geschiedenis in huis.

📖 Fries prentenboekje Antsje en de flagge – € 7,50
🃏 Kwartetspel De Oerwinning – € 7,50

🎁 Samen als set voor slechts € 12,50!

📩 Bestellen kan eenvoudig via Violeria@live.nl

 

9 septimber 2026

 

🌺 In stil earbetoan

 

De twa blomstikken dy’t tidens Fan Krûmels & Brea op ‘e tafel leine, hawwe no in bysûndere bestimming krigen.

 

Se binne op it tsjerkhôf yn Opeinde dellein by de grêven fan Willem, Jan en Marten. In lyts, mar oprjocht earbetoan oan harren en oan it ferhaal dat ús Iepenloftspul ferteld hat.

 

Sa bliuwt de ferbining tusken it ferhaal op it toaniel en de echte skiednis fan ús doarp bestean.

 

🌹 Opdat wy net ferjitte.

 

8 septimber 2026

 

🔨 En doe moast alles wer ôfbrutsen wurde… ❤️

 

Noch mar krekt wie it lêste applaus ferstoarn, of de hannen giene wer út ‘e mouwen. It dekor dat wy mei safolle soarch en leafde boud hiene, de tribunes, de technyk… stap foar stap ferdwûn it wer.

 

It is in bysûnder gefoel. Wikenlang wie De Oerwinning ús twadde thús. In plak dêr’t oefene, lake, wurke en spile waard. In plak fol moaie oantinkens.

 

Mar krekt lykas by it toaniel falt úteinlik it doek.

 

Ek no wie it wer geweldich om te sjen hoefolle minsken har ynsetten. Yn in pear oeren tiid waard mei-inoar in enoarme prestaasje levere. Dat seit alles oer de krêft fan ús ploech en de ferbining dy’t ûntstien is.

 

Wy sjogge werom op in ûnferjitlike tiid. De oantinkens nimme wy mei, en dy pakt nimmen ús mear ôf.

 

Tige tank oan elkenien dy’t holpen hat mei it ôfbrekken. Mei-inoar hawwe wy net allinne in prachtich Iepenloftspul makke, mar ek in tiid om nea te ferjitten. ❤️

 

6 septimber 2026

 

🎭 Wat in ôfsluting… Wat in aventoer! ❤️

 

De lêste foarstelling sit derop. Mei fjouwer prachtige, hast folslein útferkochte jûnen hawwe wy mei-inoar in Iepenloftspul delset dêr’t wy mei grutskens op weromsjen kinne.

 

Fan Krûmels & Brea wie folle mear as allinne in toanielstik. It wie in ferhaal dat minsken rekke, ferbûn en tichter by ús eigen skiednis brocht.

 

Dat koene wy nea allinne. Dêrom wolle wy elkenien út ‘e grûn fan ús hert betankje: ús spilers, byldspilers, regy, muzikanten, technyk, dekorbouwers, grime, kostúms, catering, ferkearregelaars, frijwilligers, sponsoren, fûnsen en alle oaren dy’t, foar en achter de skermen, mei safolle ynset en passy meiwurke hawwe.

 

In hiel bysûnder wurd fan tank is der foar Anco en Germina. Dat wy moannenlang gebrûk meitsje mochten fan jim hiem en buorkerij is alles behalve fanselssprekkend. Jim gastfrijens, fleksibiliteit en fertrouwen hawwe derfoar soarge dat Fan Krûmels & Brea krekt op dit bysûndere plak ta libben komme koe. Dêr binne wy jim ûnbidich tankber foar.

 

En fansels in grut tankewol oan ús publyk. Jimme waarme reaksjes, applaus en moaie wurden hawwe elke jûn wer bysûnder makke.

 

Wy slute dizze jubileumproduksje ôf mei in gefoel fan grutskens en tankberens. Dit wie in aventoer dat wy noait wer ferjitte sille.

 

Tige tank allegearre! ❤️🎭

 

5 Septimber

 

🇳🇱 Rollend Respect 🇳🇱

 

Soms falt alles op syn plak.

 

Mei tank oan Rollend Respect waarden in soad fan ús besikers fan it ôfstappunt fan de bus ôf yn autentike legervoertuigen nei De Oerwinning brocht. In bysûndere rit dy’t net allinne yndruk makke, mar ek fuortendaliks de sfear fan ús ferhaal fiele liet.

 

De lûden, de auto’s en de sfear brochten de skiednis efkes tichterby. In prachtige oanfolling op Fan Krûmels & Brea en in ûnderfining dy’t in soad minsken net gau ferjitte sille.

 

Tige tank oan alle frijwilligers fan Rollend Respect foar jim ynset, entûsjasme en it mooglik meitsjen fan dizze unike belibbing

3 septimber

 

✨ Wat in prachtige premjêre! ✨

 

Wat hawwe wy genoaten fan in geweldige earste foarstelling fan Fan Krûmels en Brea. Alles foel op syn plak: it spul, de muzyk, it dekor, de technyk, de sfear én in prachtich publyk dat sichtber genoat.

 

Dat wie allinnich mooglik troch de ûnbidige ynset fan ús spilers, byldspilers, frijwilligers, wurkgroepen en fansels ús sponsoren. Mei-inoar hawwe jim fan dizze premjêre in grut sukses makke. Tige tank allegearre! ❤️

 

En gelokkich siet ek it waar mei. It bleau drûch en dat makke de jûn hielendal ôf. ☀️

 

De foarstelling is profesjoneel filme. Letter dit jier organisearje wy yn it doarpshûs in filmjûn. Sa krije ek de minsken dy’t gjin kaarten bemachtigje koene of der net by wêze koene dochs de kâns om Fan Krûmels en Brea te belibjen.

    

Wy sjogge út nei de kommende foarstellingen!

1 septimber

 

☕🍰 Ek de sfear wurdt oant yn de puntjes fersoarge! 🤎

 

Efter de skermen is net allinnich de dekorbou, technyk en kostúmploech drok oan it wurk. Ek ús cateringploech set alles op alles om fan de ûntfangst in waarm wolkom te meitsjen.

 

De bar en de tinten wurde hielendal oanklaaid yn de sfear fan de Twadde Wrâldoarloch, sadat jo fan it earste momint ôf ûnder de yndruk komme fan Fan Krûmels & Brea.

 

Ek hjir sitte oeren fan tarieding, kreativiteit en fakmanskip yn. In grut komplimint foar alle frijwilligers dy’t derfoar soargje dat net allinnich de foarstelling, mar de hiele jûn in bysûndere belibbing wurdt. ✨

31 augustus

 

✨ Wát in prachtige minsken allegearre! 😍

 

In grutte komplimint foar ús geweldige ploech fan grime en kappers! 👏 Troch jim fakmanskip komt elkenien hielendal ta libben en wurde wy echt werom brocht nei de jierren ’40. 🎭💄💇

 

Efter elke spiler op it toaniel stiet in ploech fan toppers dy’t mei in soad tawijing efter de skermen oan it wurk is. Tige tank foar jim ynset, kreativiteit en each foar elk detail! ❤️

31 Augustus 2026

Wichtiche ynformaasje Iepenloftspul Fan Krûmels & Brea

 

It giet hast los! Wy hawwe der nocht oan en sjogge út nei in prachtige foarstelling. Hjirby noch wat wichtige ynformaasje foar jim besite.
Goed om te witten: sa komme jo by ús foarstelling!
De foarstellingen fan Fan Krûmels & Brea komme tichterby, dus hjir alfêst wat handige ynformaasje.
Komme jo mei de fyts? Graach! By de spyllokaasje is genôch romte om jo fyts te stallen.
Komme jo mei de auto? Folgje dan de oanwizingen fan ús ferkearsregelaars. Jo wurde nei in parkearplak yn de buert laat, wêrnei’t ús bussen jo nei in punt tichtby de spyllokaasje bringe. Fan dêrút is it noch sa’n 600 meter rinnen.
Bustiden:
• De earste bus giet om 19.00 oere fuort. De twadde en lêste bus om 19.45 oere.
• De lêste bus nei de parkearre auto’s fertrekt 1,5 oere nei ôfrin fan de foarstelling fanôf it drop-offpunt.

 

Ik bin min te foet, wurdt dêr wat foar regele?
Ja. Lit dit dan foarôf witte fia violeria100jr@outlook.com. Wy soargje der dan foar dat jo mei passend ferfier oant oan de lokaasje brocht wurde.

Soargje derfoar dat jo op tiid by it opstappunt binne.
Op de ôfbylding sjogge jo krekt hoe’t de busrûte rint.
Let op! Kom op tiid.
It terrein giet om 20.50 oere ticht. Nei dat momint kinne wy jo spitigernôch net mear talitte.
Tidens de foarstelling is der gjin mooglikheid om noch nei binnen te kommen. Soargje der dus foar dat jo op tiid oanwêzich binne.
Sa kinne wy mei-inoar soargje foar in feilige en noflike oankomst. Oant gau by Fan Krûmels & Brea!

3 augustus

 

🎭 De earste repetysje nei de fakânsje sit der wer op.

 

It wie in bysûndere jûn. Foar it earst stienen wy wer mei-inoar op it spylfjild sûnder ús haadrolspylster Hieke. Dat fielde oars. 🕊️ Wy hawwe efkes by har stilstien en namen har yn gedachten mei dizze jûn yn. Har waarmte, ynset en leafde foar it Iepenloftspul sille wy allegear misse.

Tagelyk witte wy ek dat Hieke mar al te graach wollen hie dat wy trochgean soene. Mei-inoar bouwe wy fierder oan dizze bysûndere foarstelling, mei har yn ús tinzen en yn ús hert.

It wy ek moai om wer mei de hiele ploech oan it wurk te wêzen. Der is wer hurd repetearre, lake en sleutele oan de foarstelling. Wy binne der noch net – der moat de kommende wiken noch flink wurke wurde – mar de earste stap is wer set.

 

🌾 Op nei septimber! Wy hawwe der no al sin oan om Fan Krûmels & Brea mei jimme te dielen.

 

🎟️ 3, 4, 5 en 6 septimber – wy sjogge jim graach by ús Iepenloftspul!

 

 

27 juli 2026 🕊️🌹

 

Mei grut fertriet diele wy it berjocht dat ús haadrolspylster Hieke ferstoarn is.

 

Hieke wie mei hert en siel ferbûn oan ús Iepenloftspul.

Oer har rol sei se sels: “Dizze rol is my op it liif skreaun.”
Mei ûnbidich folle passy, leafde en tawijing hat sy har, nettsjinsteande har sykte, oant de lêste trochloop ta ynset. It is tige fertrietlik dat sy dizze bysûndere rol úteinlik net mear foar ús publyk spylje kinnen hat.

 

Wy binne Hieke ûnbidich tankber foar alles wat sy foar ús feriening en it Iepenloftspul betsjutten hat. Har belutsenens, waarmte, entûsjasme en trochsettingsfermogen sille altyd yn ús tinzen bliuwe. Sy lit in ûnútwiskbere yndruk efter binnen ús feriening en yn de herten fan elkenien dy’t har kend hat.

 

Us tinzen binne by har gesin, famylje, freonen en allegearre dy’t har dierber wiene. Wy winskje harren in soad krêft en sterkte ta by it dragen fan dit grutte ferlies.

 

~

 

Met groot verdriet delen wij het bericht dat onze hoofdrolspeelster Hieke is overleden.

 

Hieke was met hart en ziel verbonden aan ons Iepenloftspul De Pein.

Over haar rol zei ze zelf: “Dizze rol is my op it liif skreaun.” Met enorme passie, liefde en toewijding heeft zij zich, ondanks haar ziekte, tot aan de laatste doorloop ingezet. Helaas heeft zij deze bijzondere rol niet meer voor ons publiek kunnen spelen.

 

Wij zijn Hieke intens dankbaar voor alles wat zij voor onze vereniging en het Iepenloftspul heeft betekend. Haar betrokkenheid, warmte en enthousiasme zullen wij ons blijven herinneren.

 

Onze gedachten zijn bij haar gezin, familie en vrienden. Wij wensen hen veel kracht en sterkte toe bij het dragen van dit grote verlies.

 

Bestuur, leden en spelers
Toneelvereniging Violeria
Iepenloftspul De Pein

7 juli 2026

🎭 Trochloop, moai waar

 

☀️ In prachtige simmerdei, in moaie trochloop en in groep fol ynset en nocht! Sneon hawwe wy mei-inoar wer in grutte stap set foar ús iepenloftspul Fan Krûmels en Brea.

 

No giet de ploech earst in moanne op simmerfakânsje om de batterijen wer op te laden. Yn augustus geane wy der wer fol enerzjy tsjin oan foar de lêste putsjes, de lêste puntjes op de i en om alles klear te meitsjen foar in prachtige foarstelling.

 

Wy kinne net wachtsje om jimme wolkom te hjitten by Fan Krûmels en Brea! 🎭🌾

 

 

 

5 juni 2026

 

It Iepenloftspul krijt hieltyd mear foarm! ✨🎭

Wat is der wer in protte bard by it Iepenloftspul! Efter de skermen wurdt mei in soad enerzjy en entûsjasme wurke om alles klear te krijen foar in prachtige foarstelling. Dizze wike koe der einliks echt úteinset wurde mei de bou fan it dekor by De Oerwinning. Mei in moaie ploech frijwilligers is de earste stap set nei wat sûnder mis in bysûndere spyllokaasje wurde sil. Wat der krekt ferriist? Dat hâlde wy noch efkes geheim, mar wy kinne wol sizze dat it alle dagen mear foarm kriget! 😉🔨✨

Ek stienen de spilers dizze wike foar it earst op de echte lokaasje foar in bûtenrepetysje. En wat troffen wy it mei it waar! Under in strieljende sinne waard der repetearre op ús skitterjende lokaasje by De Oerwinning. It is moai om te sjen hoe’t it ferhaal, de spilers en de lokaasje byinoar komme en it stik hieltyd mear ta libben komt. ☀️🎭

De sfear sit der goed yn, der wurdt hurd wurke én in protte lake. Fan de earste planken fan it dekor oant de earste stappen op it spylfjild: alles komt stadichoan byinoar. Wy sjogge út nei de kommende wiken en kinne hast net wachtsje om jim mear sjen te litten fan alles wat efter de skermen bart! 🎉✨🎭

3 juni 2026

🎭 Mei-inoar oan it wurk foar Fan Krûmels & Brea 🎭

 

Yn De Pein wurdt op dit stuit mei grutte ynset wurke oan it iepenloftspul Fan Krûmels & Brea, dat opfierd wurdt ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan toanielferiening Violeria. It stik fertelt it ferhaal fan in âldere frou dy’t weromsjocht op har jeugd yn de Twadde Wrâldoarloch. In ferhaal oer eangst en ferlies, mar ek oer hope, moed en it omtsjen nei inoar.

 

🎬 Efter de skermen wurdt hurd wurke troch in grutte groep frijwilligers. De repetysjes binne yn folle gong en spilers, byldspilers en de regy wurkje mei in soad entûsjasme oan de foarstelling. Sa seit byldspiler Yvonne: “Mei in grutte groep entûsjaste spilers wat moais delsette. Prachtich!” ✨

 

🕊️ Regisseur Karin Idzenga ûnderstreket de bysûndere lading fan it stik: “Dat jout ús as spilers in ekstra djipte yn ús spul en yn de belibbing.” It ferline wurdt sa op in respektfolle wize trochjûn oan nije generaasjes.

 

🤝 It projekt wurdt droegen troch de hiele mienskip. Fan dekorbou 🔨 en catering ☕ oant logistyk, fergunnings en organisaasje: elkenien draacht syn of har stientsje by. Ut de stjoergroep klinkt dan ek grutskens. Greetje seit: “Dit lit prachtich sjen wêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin.”

 

🍰 Ek de cateringgroep is entûsjast. Neffens Fokje is it no tiid foar “it moaiste part” en wurdt der mei in groep frijwilligers útsjoen nei in pear geweldige dagen yn septimber.

 

🎟️ De belangstelling foar it iepenloftspul is grut. De kaartferkeap is boppe ferwachting gien en jout de organisaasje ekstra enerzjy. Fan Krûmels & Brea is dêrom net allinne in bysûndere jubileumfoarstelling, mar ek in moai foarbyld fan wat der ûntstiet as in doarp mei-inoar de skouders derûnder set.

20 maai 2026

✨ Útferkocht! ✨

 

Wat binne wy grutsk en tankber…
Alle kaarten foar Fan Krûmels & Brea binne fuort!

 

Tige tank foar jim stipe, entûsjasme en moaie reaksjes.
Sûnder jim gjin iepenloftspul!

 

Wy sjogge dernei út om der mei-inoar in bysûndere jûn fan te meitsjen yn De Pein. 🌾🎭

12 maai 2026

 

Grutte belangstelling foar iepenloftspul Fan Krûmels & Brea

 

De kaartferkeap foar it iepenloftspul Fan Krûmels & Brea rint as in trein. Binnen in pear dagen wiene de foarstellingen op freed en sneon folslein útferkocht. De grutte belangstelling ferrast de organisaasje, dy’t tige bliid is mei dizze súksesfolle start.

 

It stik, dat dizze simmer opfierd wurdt yn in sfearfolle iepenloftlokaasje, liket by in breed publyk oan te slaan. It publyk liket massaal ôf te kommen op in stik dat fertelt oer tiden fan krapte, mar ek oer waarmte, leafde en it soargjen foar inoar. It stik fertelt net allinnich in ferhaal fan oarloch, mar foaral fan hope. Fan minsken dy’t, nettsjinsteande eangst en ûnwissens, foar inoar klearstean. It publyk wurdt meinommen yn dizze emosjonele reis, dêr’t leafde en ferbûnens úteinlik sterker blike as earmoede en ferdieling.

 

Wa’t it spektakel noch besjen wol, hoecht lykwols net daliks ôf te heakjen. Foar de foarstellingen op tongersdei en snein binne noch in beheind tal kaarten beskikber. De ferwachting is dat ek dizze jûnen gau fol sitte sille, dus rap reservearje wurdt oanret.

 

Mei dizze flugge kaartferkeap is no al dúdlik dat it iepenloftspul ien fan de hichtepunten fan it seizoen wurde kin.

6 maaie 2026

🎉 Wy binne los! 🎉

De kaartferkeap fan Fan Krûmels en Brea is offisjeel fan start gien! ✨

 

In bysûndere en yndringende foarstelling dy’t dy meinimt nei in tiid dy’t wy nea ferjitte meie. In ferhaal oer alles wat him yn en rûnom it doarp De Pein ôfspile hat yn de Twadde Wrâldoarloch – ticht op ’e hûd, rjocht út it hert.

 

Oer eangst en moed.

Oer ferlies en hoop.

Oer mienskipssin en karren dy’t libbens foar altyd feroare hawwe.

 

Lit dy reitsje troch in ferhaal út eigen omkriten, ferteld mei passy, muzyk en byld. In jûn fol emoasje, werkenning en ferbining – foar jong én âld.

 

Wachtsje net te lang en bemachtigje dyn kaarten no, want op = op!

Dit wolst net misse!

🎟️ Spesjaal foar de jongerein oant 18 jier
€10,- koarting

Jou it ferhaal troch oan de folgjende generaasje

It iepenloftspul Fan krûmels en brea fertelt in bysûnder en yndringend ferhaal. In ferhaal oer alles wat him yn en rûnom it doarp De Pein ôfspile hat yn de Twadde Wrâldoarloch. Oer eangst en moed, oer mienskipssin en karren dy’t libbens feroaren. Dit binne ferhalen dy’t net ferlern gean meie, just no net.

 

Om dy reden jouwe wy €10,- koarting op kaartsjes foar bern en jongerein oant 18 jier. Wy fine it fan grut belang dat ek de jonge generaasje yn ‘e kunde komt mei ús lokale oarlochsskiednis. Yn in tiid dat konflikten oer de hiele wrâld alle dagen it nijs dominearje, is it ekstra wichtich om sjen te litten wat oarloch betsjut – tichtby hûs, troch de eagen fan gewoane doarpsgenoaten.

 

It bestjoer fan Violeria en de stjoergroep fan it iepenloftspul fiele in sterke ferantwurdlikheid om dizze skiednis libben te hâlden en troch te jaan. Net allinnich as oantinken oan it ferline, mar ek as les foar de takomst. Fan krûmels en brea lit sjen hoe kwetsber frijheid is en hoe wichtich it is om nei inoar om sjen te bliuwen.

 

Mei dizze koarting hoopje wy gesinnen, skoallen en jongerein te stimulearjen byinoar te kommen en dit yndrukwekkende iepenloftspul te belibjen. Want ferhalen bliuwe pas echt libben as se dield wurde.

Kom sjen, harkjen en te fielen. Nim de jeugd mei – sy drage it ferhaal fierder.

👉 Keapje dyn tickets hjoed noch en belibje it sels!

Mis dizze bysûndere foarstelling net!

23 april 2026

🎭 100 jier toaniel, 100 jier ferhalen

 

Yn it ramt fan ús jubileum mochten wy in bysûnder momint fiere: yn oanwêzigens fan wethâlder Le Roy hawwe wy ús Fryske edukaasjepakket offisjeel oerlange oan de learlingenried fan De Leister Inge.

Mei dit kwartetspul en prenteboek bringe wy de skiednis fan ús doarp – fan oarlochstiid oant no – ta libben foar de jongste generaasje.

Sa jouwe wy ferhalen troch. 💬