Iepenloftspul ‘26 De Pein
📖 Ynformaasje en faak stelde fragen – Fan Krûmels en Brea
Kaarten & kaartferkeap
Hoe kin ik kaarten keapje?
Kaarten binne online te krijen fia ús webside: Kaartferkeap Iepenloft De Pein.
Kin ik ek kaarten keapje by de entree?
Nee, der is gjin kaartferkeap by de entree. Jo kinne oant de start fan de foarstelling online kaarten keapje. Mocht it online bestellen net slagje of hawwe jo dêr muoite mei, nim dan fia e-mail kontakt mei ús op. Wy helpe jo graach fierder.
Wat kostje kaarten?
De aktuele kaartpriis is € 24,50 de persoan. Foar bern en jongerein oant en mei 18 jier jildt in koarting fan € 10,00 per kaart. De aktuele kaartprizen steane ek fermeld op de kaartferkeappagina fan ús webside.
Kin ik myn kaarten annulearje?
Nee, Kochte kaarten kinne net annulearre wurde. By bysûndere omstannichheden kinne jo kontakt mei ús opnimme. Wy sille dan besjen oft der in passende oplossing mooglik is.
Moat ik myn kaart útprintsje of mei it ek digitaal?
Jo meie jo kaart digitaal mei de QR Kode sjen litte op jo telefoan.
Kin ik myn kaart ferpleatse nei in oare datum?
Nee, kochte kaarten kinne net omruile wurde nei in oare foarstellingsdatum.
Ik haw gjin befêstigingsmail ûntfongen, wat no?
Kontrolearje earst jo spam- of net-winske e-post. Noch neat ûntfongen? Nim dan kontakt mei ús op fia it e-mailadres op de webside.
Foarstelling & tiden
Wannear binne de foarstellingen?
De útfieringen fine plak op 3, 4, 5 en 6 septimber 2026.
Hoe let begjint de foarstelling?
It terrein giet iepen om 19.00 oere en de foarstelling begjint om 21.00 oere.
Hoe let moat ik oanwêzich wêze?
Wy advisearje om 30 oant 45 minuten foarôf oanwêzich te wêzen. Wy slûte de entree om 20:45.
Hoe lang duorret de foarstelling?
De foarstelling duorret sa’n 1,5 oere en der is gjin skoft.
Binne der fêste sitplakken?
Nee, der is frije sitkar op de tribune.
Mei ik letter binnenkomme?
Nee, fanwege de opstelling fan de tribune ten opsichte fan it toaniel is it spitigernôch net mooglik om nei de start fan de foarstelling noch binnen te kommen. Der is ek gjin pauze wêrop letkommers ynlitten wurde kinne. Wy freegje jo dêrom om op tiid oanwêzich te wêzen.
Waar- en bysûndere omstannichheden
Giet de foarstelling troch by rein?
Ja, in iepenloftspul wurdt bûtendoar spile. By gewoane rein giet de foarstelling gewoan troch.
Wat bart der by ekstreem min waar?
By gefaarlike waarsomstannichheden kin in foarstelling ôfsein wurde. Eventuele updates kommunisearje wy fia ús webside en sosjale media.
Wat bart der as de foarstelling ôfsein wurdt?
Wy dogge der alles oan om de foarstelling trochgean te litten. Mocht in foarstelling troch ûnfoarsjoene omstannichheden dochs ôfsein wurde moatte, dan meitsje wy dat sa gau mooglik bekend fia ús webside en ús sosjale media. Yn dat gefal wurde kochte kaarten net restituearre.
Wat foar klean riede jim oan?
Wy advisearje om klean te dragen dy’t passe by it waar. By foarkar in jas of waarme klean mei nimme. Septimberjûnen kinne aardich fris wêze. Om’t de foarstelling yn ‘e iepen loft plakfynt, is it ferstannich om dêr rekken mei te hâlden. By de organisaasje binne yn beheinde mjitte reinponcho’s beskikber.
Mei ik in paraplu meinimme op de tribune by rein?
Nee, útklapbere paraplu’s beheine it sicht fan oare besikers. In reinjas of poncho is dêrom oanrieden.
Lokaasje & parkearjen
Wêr fynt de foarstelling plak?
It iepenloftspul wurdt spile yn De Pein, oan de Legauke 11 by buorkerij De Oerwinning.
Wêr kin ik parkearje?
Der is parkeargelegenheid yn de buert fan de spyllokaasje. Komme jo mei de auto? Dan kinne jo, op oanwizing fan ús ferkearsregelaars, yn de berm parkearje. Folgje altyd de oanwizingen fan ús ferkearsregelaars op. Fan de parkearplakken wurde jo mei in bus nei in punt tichtby de spyllokaasje brocht. Fan dêrút is it noch sa’n 600 meter rinnen. De earste busrûte fertrekt om 19.00 oere. De twadde en tagelyk lêste busrûte fertrekt om 19.45 oere.
In oersjoch fan de parkearlokaasjes fine jo fia dizze link:
Ik bin min te foet, wurdt dêr wat foar regele?
Ja. Lit dit dan foarôf witte fia violeria100jr@outlook.com. Wy soargje der dan foar dat jo mei passend ferfier oant oan de lokaasje brocht wurde.
Kin ik mei de fyts komme?
Ja, graach. Wy advisearje besikers om, as dat mooglik is, mei de fyts nei de foarstelling te kommen. By de lokaasje is foldwaande romte om fytsen te stallen.
Hoe let geane de bussen werom nei de parkearplakken?
Nei ôfrin fan de foarstelling rydt de earste bus om 23.00 oere fan De Overwinning nei de parkearplakken. De lêste bus fertrekt om 24.00 oere.
Horeka & foarsjennings
Is der horeka oanwêzich?
Ja, foar en nei de foarstelling binne drinken en hapkes te krijen.
Hoe kin ik betelje?
Beteljen kin mei de pin of kontant.
Binne der toiletten oanwêzich?
Ja, der binne toiletten op it terrein, ynklusyf in toilet foar minder faliden.
Mei ik myn hûn meinimme nei de foarstelling?
Nee, hûnen binne net tastien op it terrein, mei útsundering fan assistinsje- en hulphûnen.
Mei ik eigen iten en drinken meinimme?
Nee, dat is net tastien.
Tagonklikens
Is it terrein tagonklik foar minderfaliden?
Wy dogge ús bêst om it terrein sa tagonklik mooglik te meitsjen foar elkenien. Hawwe jo in beheining of spesifike help nedich? Nim dan foarôf kontakt mei ús op, sadat wy dêr safolle mooglik rekken mei hâlde kinne.
Binne der plakken foar minderfaliden beskikber?
Ja, dêrfoar is de earste rige beskikber. By in minderfalide besiker mei ien begelieder neist him of har sitte. As jo mei in grutter selskip komme, kinne de oare leden fan it selskip plaknimme op de rigen dêr efter.
It is net mooglik om in plak te reservearjen, dus wy advisearje jo om op tiid oanwêzich te wêzen.
Oer it iepenloftspul
Wêr giet Fan Krûmels en Brea oer?
It ferhaal spilet him ôf yn De Pein yn de oarlochsjierren 1940-1945. Op ús webside fyne jo mear informaasje oer de foarstelling.
Wa organisearret it iepenloftspul?
It iepenloftspul wurdt organisearre troch toanielferiening Violeria, dy’t yn 2026 har 100-jierrich jubileum fiert.
Kin ik frijwilliger wurde?
Ja graach! Wy sykje geregeldwei frijwilligers foar opbou, horeka, publyksbegelieding en technyk. Mear ynformaasje stiet op ús webside.
Mei ik foto’s of fideo’s meitsje tidens de foarstelling?
Nee, dat is net tastien. Wy freegje jo om mobile tillefoans en oare apparatuer tidens de foarstelling út of op stil te setten. Foar belangstellenden wurdt de foarstelling ek troch ús filme. Dizze opname is op fersyk beskikber. Sa kinne sawol de spilers as it publyk optimaal genietsje fan de foarstelling, sûnder ôflieding.
Wy hantearje in tal hûsregels op it terrein. Us hûsregels kinne jo fine fia:
Hûsregels Fan Krumels en Brea sept 2026
Hawwe jo noch oare fragen? Nim dan gerêst kontakt mei ús op fia violeria100jr@outlook.com. Wy helpe jo graach fierder!